De Jonge langer by Hearrenfean

Trainer Jan de Jonge hat syn kontrakt by SC Hearrenfean mei twa jier ferlinge. De Jonge bliuwt trainer fan de beloften fan SC Hearrenfean. It kontrakt fan De Jonge rûn oan de ein fan dit seizoen ôf. Yn de beloftekompetysje is it team fan De Jonge koprinner mei mar leafst 11 punten foarsprong op nûmer twa Ajax.
Jan de Jonge is sûnt 2008 ek haad jeugdoplieding by SC Hearrenfean. De kommende wiken sille der petearen plakfine oft De Jonge dy funksje hâldt. Ek jeugdtrainer Johnny Jansen hat syn kontrakt mei twa jier ferlinge.
Jansen is trainer fan de A-junioaren. Jeugdspiler Michael Chacon hat bytekene oant 2015, mei in opsje fan de klup foar twa jier ekstra. De 19-jierrige Chacon spilet yn de A-junioaren en yn it belofteteam.