Ynbrekkers pakt yn Drachten

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei yn Drachten trije Hongaarske en in Italiaanske ynbrekker oanhâlden. In oplettende buertbewenner seach de manlju op de Uthof omstrunen en warskôge de plysje. Dy sette de dyk ôf om de manlju op te kearen. Dy besochten noch út te naaien, mar doe't de plysje in warskôgingsskot loste, koene se oanhâlden wurde.
Nei de oanhâlding waard dúdlik dat se al ynbrutsen hiene. De ynbrekkers sitte fêst op it plysjeburo. It wenningynbraakteam docht fierder ûndersyk nei de manlju.