Soer ferlies Snits Wyt Swart
Sneinstopklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat woansdeitejûn mei 1-0 ferlern by EVV yn Echt yn Limboarch. Yn de earste helte makke de thúsploech de winnende goal.
Neffens trainer Johan Groote wie Snits Wyt Swart yn de twadde helte de bettere ploech, mar koe it spul net omsetten wurde yn doelpunten. It ferlies is soer foar de Snitsers. Troch tentamens wiene fiif basisspilers net beskikber. De klup hat noch útstel fan de ynhelwedstryd oanfrege, mar dat woe it fuotbalbûn KNVB net. Troch it ferlies stiet Snits Wyt Swart stiif ûnderoan.
Dit wykein is Gemert de tsjinstanner. Winst is belangryk om degradaasje foar te kommen.