Tekoart 8 ton Tall Ship Races
Der is noch altyd in tekoart fan 8 ton op de begrutting fan de Tall Ships Races 2014 yn Harns. En dat jild moat yn it kommende healjier fûn wurde, oars sil it programma fersobere wurde.
Dat die woansdeitejûn bliken op de bypraatsesje oer it evenemint foar de ried yn Harns. De totale begrutting leit op 2,6 miljoen euro en goed 1,5 miljoen dêrfan moat troch sponsors ynbrocht wurde. Oant no ta is goed 7 ton tasein. Neffens projektdirekteur Marleen Toxopeus is der noch gjin reden foar paniek.
Der wurdt no benammen noch socht nei in haadsponsor foar it evenemint en as dy fûn wurdt dan kin it gat yn de begrutting gau ticht wêze. Mar ek lytse sponsors binne noch altyd wolkom sa seit Toxopeus.