Undersyk makket wyk djoerder

Archeologysk ûndersyk en greidefûgelbehear hawwe de projektkosten foar de nije wenwyk De Súdlannen by Ljouwert opdreaun. Dat docht bliken út ûndersyk fan in Kommisje Huzeprizen fan de Twadde Keamer. Dy docht ûndersyk nei wêrom't de huzeprizen yn Nederlân sa bot omheech gien binne sûnt de jierren '90.
Yn de Súdlannen moast lange tiid ûndersyk dien wurde. Dêrom wie der fertraging en dat kostet jild. Fierders moasten gruttere kompensaasjegebieten foar greidefûgels socht wurde as earst tocht waard.