Miljoenen foar opknappen huzen

Der is rom 14 miljoen euro oan provinsjaal jild beskikber foar it opknappen en ferbetterjen fan huzen en de wenomjouwing foar de kommende twa jier. Dat is mear as oare jierren, omdat it earder net slagge om dit jild foar dizze projekten op te meitsjen.
It is de bedoeling dat wenten aanst better oanslute op de leeftiid fan de befolking en dat se enerzjysunich wurde. Ek kin it jild brûkt wurde om wat nijs te ûntwikkeljen foar leechsteande gebouwen of stikken grûn dy't frijkomme.
It opromjen fan smoarge grûn, it ferpleatsen fan bedriuwen dy't in soad leven ha en it tsjingean fan ferkearslawaai kin allegearre út dit potsje betelle wurde. Ien en oar moat der ek ta liede dat Fryske boubedriuwen mear wurk om hannen krije.