Spitkeet krijt 'malle mûne'

By temapark de Spitkeet op De Harkema wurket in groep Sweden de kommende wiken mei oan de bou fan in saneamde malle mûne. It giet om in replika fan in wente út 1928, dêr't doetiids fjouwer earme húshâldings ûnderdak krigen. Letter is it gebou sloopt, mar de Spitkeet wol it nijbouwe om besikers sjen te litten hoe't minsken yn de streek eartiids wennen.
Sweedske boulearlingen helpe learlingen fan ROC Friese Poort by it wurk. Moandei krigen se les yn mitseljen om't dat yn Skandinavië net in soad dien wurdt.