CU: guozzen oars registrearje

Pauguozzen
Der moat in Fauna Registraasje Systeem komme mei dêryn aktuele ynformaasje oer de guozzepopulaasje. Dat wol de steatefraksje fan de ChristenUnie. Yn seis oare provinsjes wurdt al wurke mei sa'n systeem. Neffens de ChristenUnie is dit better as allinnich in telling fan de guozzen yn juny en de skeataksaasjes fan it Faunfonds, wat de provinsje wol.
De partij seit dat it Fauna Registraasje Systeem aktueler en folsleiner is. Sa kinne boeren fia it systeem skea oan harren lân fuortendalik melde, wêrtroch earder aksje ûndernaam wurde kin.