Brantsjes troch droechte

Drûchte © ANP
Troch de droechte hawwe der it ôfrûne wykein meardere brantsjes west yn Fryslân. Sneintemiddei moast de brânwacht ûnder oare yn aksje komme yn Oerterp, Eastermar en Koatstertille. Dêr wiene bermbrantsjes.
Oan de Gaasterdjip yn De Wylgen wie brân yn in stik reidlân. De brânwacht brûkte dêr fjoerswipen om de flammen ûnder kontrôle te krijen. Dêrnei hat de brânwacht sa'n 250 kante meter lân neiblust. Natuergebieten yn de provinsje wurde noch hieltyd eksta yn de gaten holden fanwege de droechte en de kâns op brân.