Grut lanlik protest thússoarch
Tsientallen Fryske thússoarchmeiwurkers hawwe sneon aksjefierd op it Malieveld yn Den Haach. Dêr wie in manifestaasje tsjin de besunigings dy't it kabinet trochfiere wol. Dat hat neffens de fakbûnen grutte konsekwinsjes foar minsken dy't no noch mei help thús wenje kinne.
De protestaksje luts seistûzen minsken. Dy rûnen nei't se tasprutsen wiene troch minsken fan it fakbûn, yn optocht nei it gebou fan de Twadde Keamer. Dêr krige steatssekretaris Martin van Rijn fan folkssûnens in petysje oerlange mei 100.000 hantekens.