Takom wike prate oer Batavus

Fakbûnen CNV en FNV prate takom wike mei de leden oer de reorganisaasje by de Accellgroup. Troch de reorganisaasje reitsje fjirtich wurknimmers fan Batavus op It Hearrenfean harren baan kwyt. Dat nijs is freedtejûn bekend makke. Sadwaande hawwe de bûnen noch gjin gelegenheid hân om mei de achterban te oerlizzen.
De Accellgroup is fan doel de fabriken fan Sparta en Batavus gear te foegjen. De produksje fan fytsen ferhuzet nei It Hearrenfean. It ûnderdielesintrum giet nei Apeldoorn.