Lânsdielmoasje op PvdA-kongres

It moat út wêze mei de diskusje oer de selsstannigens fan Fryslân. PvdA-minister Plasterk docht der dan ek goed oan om definityf ôfskied te nimmen fan syn plan om fiif lânsdielen te foarmjen. Dat wol de Fryske PvdA.
It gewest Fryslân wol ein dizze moanne op it partijkongres yn Ljouwert yn in moasje foar altyd fêstlizze dat Fryslân selsstannich bliuwt. De Fryske PvdA is drok dwaande om hjirfoar stipe te sammeljen fan oare PvdA-gewesten en giet dêr de kommende wiken mei troch.
De útspraak fan Plasterk yn Nieuwsuur fan woansdei dat it kabinet 'gjin plannen' hat mei Fryslân is foar de Fryske PvdA gjin oanlieding om fan de moasje ôf te sjen.