Brantsjes yn it Fochtelerfean
Der hat freedtemoarn op trije plakken brân west yn it natuergebiet it Fochtelerfean op de grins fan Fryslân en Drinte. Troch flot optreden fan meiwurkers fan Natuurmonumenten en de plysje is foarkaam dat it fjoer him ferspriede koe. Twa jier lyn gie in grut stik fan it gebiet ferlern troch in hiele grutte brân yn it kwetsbere Fochtelerfean.
Tafersjochhâlders binne no ekstra wach op brângefaar fanwege de droechte en de hurde wyn. Se kontrolearje it gebiet geregeld en hawwe middels om brân te bestriden by de hân.