20 miljoen foar Fryske natoer

Der wurdt noch dit jier 20,5 miljoen euro ekstra yn de Fryske natoer stutsen. It giet om fiif besteande projekten, wêrfan trije net troch drigen te gean troch besunigings fan it Ryk. Mar no't it Ryk 112 miljoen euro ekstra te ferpartsjen hat binne de plannen wer út de kast helle.
It giet om plannen foar beekdal de Linde, in plan oan de noardkant fan de Snitsermar, it Drints-Friese Wold, Swette-de Burd yn Midden-Fryslân en it Bûtenfjild mei de Sippefennen. It ekstra jild moat binnen fjouwer jier ek echt wat opsmite foar de natoer.