Test JSF's oan de grûn

De F35, better bekend as de JSF © EPA
De twa Nederlânske testtastellen fan de Joint Strike Fighter, de JSF, fleane foarearst noch net foar ús lân. De twa fleantugen wurde oan de grûn hâlden oant der in beslút naam is oer de ferfanging fan de F16's. Dat hat it kabinet besletten.
It definitive beslút oer de JSF wurdt neffens minister Hennis Plasschaert naam yn gearhing mei de takomstfisy op it folsleine leger.