Net ferfolge foar swimbadmoard

De freondinne fan de fermoarde Mearumer Jan Elzinga wurdt net ferfolge foar belutsenheid by syn dea. De saak tsjin har broer, in 30-jierrige ynwenner fan Twizel, wurdt fanwege te min bewiis ek seponeard. Beiden soene neffens tsjûgen opdracht jûn hawwe foar de moard op Elzinga dy't aktyf wie yn it drugssirkwy en dy't yn Drachten wurke. Dêr is nei lang justisjeel ûndersyk gjin bewiis fan de beskuldiging fûn.
De skutter, in 35-jierrige man út Zwolle en in twadde man, sitte noch wol altyd fêst foar belutsenheid by syn dea.
De freondinne en har broer waarden begjin desimber oanhâlden. Elzinga waard op 10 july ferline jier foar it swimbad fan Mearum yn Grinslân deasketten.