BFFW docht oprop oan boeren

It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten (BFFW) ropt boeren op om earder te begjinnen mei bewurkjen fan maislân. Dat is neffens it fûgelbûn nedich foar it briedseizoen fan de ljip. Troch de droechte en it kâlde waar rint it seizoen trije wike achter. De ljip en oare greidefûgels moatte earst noch oansterkje foardat se aaien lizze kinne.
As boeren no mei de bewurking fan maislân begjinne, dan hawwe de fûgels dêr oer trije wike gjin lêst fan. Dêrtroch sil it oanbod foar fretten foar de fûgels tanimme en dan kinne de bisten oansterkje.
Neffens boere-organisaasje LTO kin it wurk lykwols net nei foaren helle wurde. Mais moat siede wurde yn wiete, waarme grûn. Dêr is no gjin sprake fan.