Krusing Hurdegaryp ticht

Yn Hurdegaryp giet in krúspunt yn de wei rjochting Burgum de kommende seis wike ticht. Dat moat fanwege in fersakking yn it rioel. It giet om de krusing fan de Easter-Westeromwei mei de Boargemaster Drijberwei.
De fersakking waard in wike of fjouwer ferlyn foar it earst ûntdutsen. Sûnt dy tiid hat de helte fan de krusing ôfsletten west foar it ferkear. No't de restauraasje begjint, giet de krusing hielendal ticht.