Oerfal op snackbar

Der hat woansdeitejûn in oerfal west op in snackbar oan De Hage yn Drachten. Twa maskere mannen, wêrfan ien mei in pistoal, kamen de saak yn. Se binne lykwols sûnder bút al rinnende de snackbar wer útgien. It personiel is troch de plysje opfongen.