Sporthal De Trije is ûnfeilich
Yn sporthal De Trije yn Frjentsjer soe ferline wike in 9-jierrich famke lestich fallen wêze troch in ûnbekende man. Dy man stie samar yn de klaaikeamer. It famke koe ûntkomme troch it húske yn te flechtsjen en lûd te razen. Neffens in wurdfierder fan turnferiening Be Quick fan Frjentsjer is dúdlik dat de sporthal net feilich is. Elk kin samar yn en út rinne sûnder dat der goed tafersjoch op is. Dat ûnderskriuwe ek skoallen dy't yn de hal sporte. By de bern is grutte ûnrêst ûntstien oer it foarfal. De plysje twifelet oft it ynsidint wier is.
De wurdfierder fan de turnferiening seit dat se skoften lyn al frege ha om ekstra feilichheidsmaatregels lykas kameratafersjoch. Dêr hat de gemeente Frjentsjerteradiel nea op reagearre. De skoallen en Be Quick ha yntusken sels maatregels naam. Sa meie bern net mear allinnich nei it húske en moatte se ite en drinke yn de sporthal. Wethâlder Twerda sil besjen watfoar maatregels oft naam wurde kinne om de feilichheid te ferbetterjen.