Kabinet mingt him net yn Prins

It kabinet sil him net minge yn de ferhuzing fan de produksje-ôfdieling fan Prins Dokkum nei it bûtenlân. Dat hat minister Asscher witte litte oan de PvdA. De keamerleden Jacobi en Hamer hiene him frege oft er mooglikheden seach de wurkgelegenheid foar Dokkum te behâlden. Ek woene se witte wat de wurkgelegenheidsgarânsje wurdich wie dy't it memmebedriuw fan Prins foar Dokkum ôfjûn hat. Troch de ferhuzing ferdwine 34 banen.
Neffens Asscher kin it kabinet him der net yn minge. Hy begrypt dat it baneferlies in klap foar de regio is.