Famke berôve fan iPod

Taskedief © Omrop Fryslân
In 15-jierrich famke út Ljouwert is tiisdeitejûn op de Van Wageningenstrjitte yn Ljouwert bestellen fan har iPod.
It famke stie foar in winkel doe't in man har iPod pakke woe. It famke foel en de muzykspiler bedarre op 'e grûn. De man pakte it en gie der op de fyts fantroch. De plysje waard warskôge en der is in burgernetaksje starten. Mar de man is net mear oantroffen.