'Beste' bêst genôch foar Harns

It stêdhûs fan Harns
Harnzers fine it prima dat se yn brieven fan de gemeente oansprutsen wurde mei 'beste' yn stee fan mei 'geachte'. Dat docht bliken út in enkête ûnder de ynwenners dy't in brief krigen fan de gemeente.
85 persint fynt it goed dat de brief begjint mei 'beste'. 72 persint fynt dat de brief in folslein antwurd jout op de stelde fraach. 75 persint fynt dat de gemeente Harns gjin of hast gjin drege wurden brûkt yn de brieven. Oer in jier hâldt de gemeente Harns wer in enkête ûnder de boargers oer syn eigen brieven.