Friese Koers: jild foar Omrop

De steatefraksje fan Friese Koers trúnt der by de provinsje op 'e nij op oan om ekstra jild te jaan oan Omrop Fryslân. De provinsje moat yn Den Haach dúdlik meitsje dat de posysje fan de Omrop net los sjoen wurde kin fan de Fryske taal. De provinsje moat dêr ek in soad jild foar beskikber stelle, fynt Friese Koers.
De partij reagearret op it advys fan de kommisje Hoekstra. Dy komt tiisdei mei syn rapport oer it Frysk yn de media.