Koning de bêste yn Oerterp

Peter Koning © awfoto.nl
Peter Koning út Venhuizen hat peaskemoandei it kritearium fan Oerterp wûn. Koning wist by it yngean fan it lêste rûntsje te ûntsnappen út de kopgroep. Paul de Haan fan Meedhuizen waard twadde, Pieter Postma fan Tsjerkgeast kaam as tredde oer de einstreek.
By de amateurs wie Sierd Steigenga fan Eksmoarre de rapste. Hy wûn yn 2006 en 2010 alris de elitekoers yn Oerterp.