GelukTalent foar spesjale bern
GelukTalent wol him ynsette foar it pleatsen fan bern mei in ûntwikkelingsstoarnis yn it reguliere ûnderwiis. In protte fan sokke bern sitte no thús of op it spesjaal ûnderwiis. Dat moat en kin oars fine in tal âlden. Sy ha it inisjatyf nommen foar GelukTalent. Op de webside www.geluktalent.nl stiet mear ynformaasje. Op 6 april is yn it CSG Liudger yn Burgum in sympoasium oer de ûndersiken dy't geande binne.