Sitmeaners en fytsen stellen

Yn Steggerda yn Weststellingwerf binne freedtenacht twa sitmeaners en twa elektryske fytsen stellen. Oan de Ericawei waard in sitmeaner en twa elektryske fytsen út in stâl stellen. It apparaat wie noch mar trije dagen âld.
Oan de Pepergeawei waard ek in hok iepenbrutsen en in sitmeaner meinommen. De plysje ûndersiket beide gefallen.