Gjin bûtenpoadium by Aaipop

De organisaasje fan it jierlikse Aaipopfestival fan peaskemoandei yn Nijlân hat maatregels naam yn ferbân mei it kâlde waar. It bûtenpoadium is skrast. Yn stee dêrfan is keazen foar twa tinten. Yn de tinten binne kachels opsteld, dy't oanset wurde kinne as dat nedich is.
Op de stekken om it terrein hinne binne kleden fêstmakke, om de wyn te kearen. It is dit jier foar de 26ste kear dat it Aaipopfestival hâlden wurdt. De kaartferkeap sit neffens de organisaasje op itselde peil as ferline jier. Doe kamen der 2500 minsken.
Optredens binne der dit jier fan ûnder oare De Kast, Skraal, Marcel Smit, Adri de Boer en Chickens go mad.