Fideoteek Ljouwert oerfallen

In fideoteek oan de Esdoarnstrjitte yn Ljouwert is freedtejûn tsjin njoggenen oerfallen troch twa manlju. De manlju bedrigen it personiel mei wapens en naaiden út mei in ûnbekend jildbedrach. Se draafden dêrnei fuort yn de rjochting fan it Hagedoarnplein.
Der is fuortendaliks in sykaksje begûn, mar dat hat neat opsmiten. De oerfallers binne twa blanke manlju yn donkere klean en in bivakmûtse op.