Diken earder frij nei ûngelok
De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte sille per 1 april gearwurkje om de provinsjale diken yn 'e takomst flugger frij te meitsjen nei in ûngelok. De deputearren fan de trije noardlike provinsjes hawwe dêr tongersdei it offisjele startsein foar jûn yn de noardlike meldkeamer.
Wannear't 1-1-2 belle wurdt fanwege in ûngemak krije no allinnich de helptsjinsten in melding, mar de bedoeling is dat de provinsjes dit ek te witten krije. De provinsje beheart in soad diken en wit dêrom faak it bêste hoe't it ferkear wer op gong komme kin.