Ien redaksje foar LC en DvhN

De Ljouwerter krante, it Deiblêd fan it Noarden en de hûs-oan-hûsblêden fan de NDC mediagroep krije ien sintrale redaksje mei in noch te beneamen algemien haadredakteur. Dat befestiget Jorrit Volkers fan FB Oranjewoud, de grutste oandielhâlder fan NDC media.
Under de algemien haadredakteur komme twa haadredakteuren te stean foar de Ljouwerter en it Deiblêd fan it Noarden. Oer nammen wol Volkers noch neat sizze. Dat is neffens him pas oan de oarder as der in nije direkteur is. Hy hopet dat dy takom wike beneamd wurde kin.
Der is ek noch net bekend wêr't de nije sintrale redaksje komt, yn Ljouwert of yn Grins. De nije struktuer hat der ûnder oare mei de krijen dat de beide haadredakteuren fan de Ljouwerter en it Deiblêd, Hans Snijder en Pieter Sijpersma min troch ien doar kinne en wat fyzje oangiet net op ien line sitte.
NDC is ek dwaande mei in ferselsstanniging fan de radiostations Waterstad FM, RadioNL en FreezeFM. Dêr wurdt op dit stuit oer ûnderhannele. De bedoeling is dat de stasjons selsstannich fierder geane bûten de NDC groep. Jild sil dat net opsmite.