Brêge Suderhegewei Drachten
Yn de Suderhegewei yn Drachten begjinne nei de Peaske de wurksumheden oan de nije brêge De Piip. Dat meldt de gemeente Smellingerlân. De brêge is ûnderdiel fan de weriepening fan de Drachtsterfeart.
Foar de rydbaan nei en fan de brêge sil gjin wapene beton brûkt wurde, mar grûn dêr't it brêgedek op komt te lizzen. Op dizze wize is it net noadich om heipeallen ûnder de brêge te slaan.