Fermiste man noch net fûn

De syktocht woansdei nei de fermiste Gerrit van Dijk hat neat opsmiten. Yn it gebiet tusken Harns en Frjentsjer is mei in helikopter nei de 21-jierrige man socht. Yn it gebiet steane in soad skuorren en hokjes foar fee. Foar safier mooglik binne dy allegear trochsocht.
Gerrit van Dijk wurdt sûnt ferline wike tongersdei fermist. Hy kaam doe net werom by de GGZ-ynstelling yn Frjentsjer dêr't er behannele wurdt. Sûnt dy tiid is neat mear fan him fernaam.