Boaten yn problemen troch iis
De provinsje hat it de lêste dagen drok mei boaten dy't fêstsitte yn it iis. It bart fansels wol faker yn Fryslân dat boaten fêst komme te sitten, mar dat it ein maart noch foarkomt, dat is útsûnderlik.
Meardere kearen is de PW2 fan de provinsje ynsetten om boaten yn need te helpen. Tiisdei wie it raak op de Tsjûkemar by Sint Nyk. In Dútske plezierboat koe net mear foar- of achterútkomme troch it iis op 'e mar. Nei in pear oeren op de mar waard de boat fuortsleept.