Konflikt WTC foar de rjochter

It konflikt tusken it WTC yn Ljouwert en Willem van Muijlwijck, organisator fan de bedriuwekontaktdagen, einiget mooglik dochs foar de rjochter. Van Muijlwijk slagge der earder dit jier net yn om de organisaasje fan de bedriuwekontaktdagen rûn te krijen wylst hy dêr wol in kontrakt foar hie.
Yn earste ynstânsje besochten beide partijen der troch oerlis út te kommen, mar dat is net slagge. Neffens de direkteur fan it WTC, Robert Berting, leit de saak no by de advokaten. It WTC easket sa'n oardel ton oan skea fan Van Muijlwijck.