Supers It Fean op snein iepen

De gemeenteried fan Hearrenfean is moandei akkoart gien mei it iepenstellen fan twa supermerken op snein. Uteinlik helle it foarstel it mei in krappe mearderheid fan 15 tsjin 11. Benammen de PvdA hie muoite mei de gong fan saken. Sy wolle graach dat der breder sjoen waard nei bygelyks de sneinsrêst en druk op it winkelpersoniel.
De Coop yn Nijhoarne en de Jumbo op It Hearrenfean meie no de rest fan it jier op snein tusken 4 oere middeis en 8 oere jûns iepen. De supermerken hawwe troch lotting de iepenstelling tawiisd krigen.