Sylskoalle hat lêst fan kjeld
IIs, kjeld en hurde wyn soargen derfoar dat it earste wykein fan sylskoalle De Feanhoop ferlern gien is. Se binne dêr dwaande mei it oplieden fan nije ynstrukteurs. Dy moatte fan it pinksterwykein ôf lesjaan. Dit wykein koene de ynstrukteurs net folle sylûnderfining opdwaan fanwege de kjeld. Sneon is der noch wol syld, mar snein wie it net te dwaan foar de oankommende ynstrukteurs. De sylboatsjes lizze moandeitemoarn noch hieltyd yn it iis.
Yn it peaskewykein besykje de oankommende ynstrukteurs de lessen wer yn te heljen.