'Rûch lân min foar skries'
De Skriezekrite Idzegea hat in brânbrief skreaun oan de bestjoerders en de direksje fan Wetterskip Fryslân. Oanlieding is it opheegjen fan de polderdiken by De Gastmer. Neffens de fûgelklup wurdt yn it plan net genôch rekken hâlden mei de greidefûgelproblematyk. De bûtlannen wurde folle wieter makke en dêrtroch wurdt de grûn rûger, mei kâns op bosk.
Al jierren hâlde in grutte groep minsken de greidefûgelstân op peil. As de plannen trochgean, is dat net mear mooglik.
De skriezekrite hopet dat troch it brief de bestjoerders en direksje fan it Wetterskip harren miening bystelle sille.
Wetterskip Fryslân seit yn in reaksje dat se graach mei de Skriezekrite om tafel wolle om te oerlizzen oer de plannen fan it opheegjen fan de polderdiken by De Gastmer.