Frou op scootmobyl bestellen

Scootmobyl
In 67-jierrige frou út Boalsert is freedtemiddei yn har wenplak oerfallen. Se ried mei har scootmobyl yn it sintrum doe't in auto neist har stilstean bleau. Dêr sieten twa manlju en twa froulju yn. Se woene witte wêr't it sikehûs wie.
Doe't de Boalserter frou útlis joech, stapten de beide froulju út. Se diene de frou nep-gouden kettings en earmbannen om. Doe't se fuortrieden, die bliken dat de frou har eigen sieraden kwyt wie. It giet ûnder oare om in earmbân mei emosjonele wearde.
Der is noch in boargernetaksje opset om de auto mei de fertochten te finen, mar dat is net slagge.