Hinder foar boaten en treinen

De feartsjinst fan rederij Doeksen is sneon oanpast fanwege it waar. Lege wetterstannen en hurde wyn soargje foar oerlêst. Ynfo op www.rederij-doeksen.nl
Treinreizgers moatte dit wykein rekken hâlde mei fertraging tusken Ljouwert en Meppel. Tusken Ljouwert en Akkrum ride gjin treinen. Der wurde bussen ynset. De yntercitys fan Akkrum nei Zwolle hâlde stil op alle tuskenlizzende stasjons. Reizgers moatte rekken hâlde mei 15 oant 30 minuten ekstra reistiid.