Wurkleazeprojekt Empatec mei
It eksperimint yn fjirtjin Fryske gemeenten, wêrby't wurkleazen fia Empatec oan it wurk setten wurde, giet net ten koste fan minsken mei in hendikep. Dat seit steatsiktaris Jetta Klijnsma fan sosjale saken, yn antwurd op skriftlike fragen fan de SP. It eksperimint gong oardel moanne lyn los. Yn prinsipe moatte alle minsken mei in útkearing yn de dielnimmende gemeenten ferplicht fia it nije projekt oan it wurk. De SP wie benaud dat wurkleazen de gewoane kliïnten fan Empatec - dat binne minsken mei in hendikep - ferdringe soene.
Neffens de steatsiktaris is dat net it gefal. Yn de fjirtjin dielnimmende gemeenten binne ûngefear tûzen potinsjele dielnimmers foar it eksperimint. Goed seis wiken nei de start, binne fjirtich minsken sa oan it wurk setten. Wurdfierder wethâlder Douwe Willemsma is tefreden mei dat resultaat.