Hearrenfean praat mei sponsors

De direksje fan SC Hearrenfean hat de kommende wiken seis petearen mei ferskate sponsors om te praten oer de negative sfear om de klup hinne. Tongersdeitejûn wie de earste byienkomst mei tsien sponsors yn de Heidehof op it Hearrenfean.
Sponsors hawwe oanjûn dat de rêst wer werom komme moat. Ek it moddersmiten nei eare-foarsitter Riemer van der Velde moat ophâlde. Neffens SC Hearrenfean stiene de byienkomsten al folle langer op 'e aginda en stiet it los fan alle ûnrêst.