Mear jild foar mantelsoargers

De gemeenten Dongeradeel en Dantumadiel stelle tegearre 30.000 euro beskikber foar de stipe oan mantelsoargers. Troch ryksbesunigings wurdt de druk op mantelsoargers hieltyd heger. Mei it jild kin it Steunpunt Mantelsoarch mear dwaan oan syn bekendheid. Ek wurdt it mooglik om húsbesites te organisearjen oan mantelsoargers, dy't it sa drok hawwe dat se net nei de sprekoeren foar mantelsoargers komme kinne. Dêrneist wurdt it projekt "mantelsoarch maatsje" útwreide, hjirby krijt de mantelsoarger stipe fan frijwilligers of fan beropskrêften.