Bergsma set yn op 5 en 10 km

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn wol op it WK ôfstannen yn Sotsji op de 5 en 10 kilometer goede tiden delsette. Bergsma wurdt mei Sven Kramer sjoen as ien fan de grutte favoriten op it toernoai, mar hy bliuwt der frij nuchter ûnder.
It WK ôfstannen wurdt hâlden yn de gloednije iishal yn it Russyske badplak. Oer in jier binne yn dy stêd de Olympyske Winterspelen. De organisaasje rint fier achter mei de bou fan sporthallen en foarsjenning foar de Olympiërs. Bergsma lûkt him neat oan fan de bouput en boudrokte.