Hûn fêstbûn oan stek opfang

In jonge hûn is moandeitenacht fêstbûn oan it stek fan bisteopfang De Wissel yn Ljouwert. It bist waard oan it begjin fan de nacht fûn troch in foarbygonger. Dy belle de plysje.
Neffens Teye de Haan fan de opfang hie de Mechelske herder de nacht oars net oerlibbe. It wie kâld en de hûn is fermeagere. Nei alle gedachten hat er al in skoft te min iten krigen. Mooglik dat minsken gjin jild mear hiene om foar har te soargjen. It komt net faak foar dat hûnen op dizze wize yn Fryslân oantroffen wurde. Yntusken giet it goed mei de hûn.