Kuiper foarsitter CDA Fryslân

Bert Kuiper fan Langwar wurdt foardroegen as nije foarsitter fan it CDA Fryslân. Hy soe dêrmei Douwe Tamminga opfolgje. Kuiper hat 21 jier boargemaster fan Skarsterlân west. Yn 2011 hat er dy funskje dellein. Op in ledegearkomste yn april sil de offisjele beneaming plakfine.