Ynbrekker yn kas oanholden

De plysje hat sneintemoarn in 39-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanholden foar in ynbraak yn in kas Achter de Hoven. In tsjûge seach it en warskôge de plysje. De tsjûge koe in goed sinjalemint fan de fertochte jaan en de plysje koe sadwaande de man op de fyts yn de Vegelinsbuert oanhâlde. Hy hie in digitale ûntfanger by him dy't er mooglik stellen hie. Dy waard yn beslach nommen. Hy is foar ûndersyk ynsletten yn it plysjeburo.