Opmars Hearrenfean set troch
Sportklup Hearrenfean kin nei de 3-1 winst by NEC in Nijmegen foar de fjirde kear op rige trije punten byskriuwe. Yn de earste helte wiene beide ploegen oan inoar weage, mei de bêste kânsen foar de Feansters. Ruud Boymans sette de thúsploech yn de 62e minút op foarsprong. In yntikker fan Alfred Finnbogason (syn 20e) yn de 70e en in prachtige treffer fan Filip Djuricic yn de 73e minút soarge foar de omkear. Utblinker Djuricic makke yn de ekstra tiid ek de tredde goal. Hearrenfean bliuwt njoggende, mar de oansluting mei NEC en ADO is der.
SC Hearrenfean giet no foar de play-offs om Europeesk fuotbal te heljen.