Wenboat by Warten sonken

wenboat Warten © Kappers Media, Anton Kappers
By Warten is sneontemiddei in wenboat sonken. Hoe't dat koe is net dúdlik. Der wie, foar safier bekend, net ien op de wenboat. De brânwacht hat om de boat hinne oaljeskermen pleatst om fersmoarging foar te kommen. In provinsjaal fartúch hat it oare farferkear warskôge foar it wrak. De wenboat lei op in stil plak en wie allinnich fia it wetter te berikken.