Frijspraak borrelbus-fertochte

Justysje © Omrop Fryslân
In fjirde fertochte yn de saak fan de mishanneling fan in befeiliger yn de borrelbus yn Tsjummearum is freed frijsprutsen fan iepenlike geweldpleging. De eask wie 7 dagen selstraf - gelyk oan it foararrest -en 4 moanne selstraf ûnder betingst mei in proeftiid fan twa jier.
De mishanneling wie yn febrewaris 2012. De bus waard fernield en in befeiliger yn de bus krige klappen. Twa fan de trije oare fertochten krigen yn july ferline jier al in jier selstraf wêrfan 6 moanne ûnder betingst. De tredde fertochte krige 8 moanne selstraf.
Yn syn gefal wiene 4 fan de 8 moanne ûnder betingst.